Eeuwe Zijlstra lit it oargel yn Burchwert sjonge op freed 13 septimber 2019.
Oargelkonsert mei lieten foar sopraan en meiinoar sjongen fan lieten fan Gysbert Japiks. De tsjerke fan Burchwert hat in prachtich histoarysk ynstrumint yn it Schwartzburg-oargel fan 1736, restaurearre yn 2011. It oargel stiet bekend om syn prachtige, waarme en heldere klank. Jo kinne hearre, dat it bedoeld is om minsken oan it sjongen te krijen.
Eeuwe Zijlstra hat in pegramme gearstald dêr’t populêre lieten út ’e tiid dat it oargel yn boud waard, yn trochklinke. Komponisten as Sweelinck en Byrd brûkten oargels noch net as ynstruminten foar yngewikkelde en téoretyske stikken, mar foaral as ferlingstik fan ’e minsklike stim: heger, djipper en mei mear mooglikheden, mar yn prinsipe noch altyd útgeand fan in liet sa’t minsken dat sjonge om in stikje gefoel of emoasje te uterjen.
Hy hat dêrby de meiwurking fan mezzosopraan Anneloes Volmer út Haren. Hja sjongt lieten fan Constantijn Huygens en, in primeur, Fryske lieten fan Gysbert Japiks, mar ek bekende stikken fan Bach (Bist du bei mir) en Händel (Lascia ch’io pianga).
It bysûndere is, dat de persoan dy’t it oargel yn 1736 skonken hat in skoandochter wie fan in folle nicht fan de grutte Fryske dichter Gysbert Japiks út Boalsert. Gysbert Japiks wie dichter, mar ek syn gedichten wiene bedoeld om te sjongen. Liuwe Westra sil in lytse taljochting jaan op Gysbert Japiks syn teksten, en de oanwêzigen krije ek de gelegenheid om mei Eeuwe Zijlstra by it oargel in pear fan dy teksten te sjongen.
It kin net oars, as Gysbert hat wolris yn Burchwert west. Mooglik hawwe guon lieten dy’t op 13 septimber klinke sille yn ’e Burchwerter tsjerke 400 jier earder ek al yn Burchwert te hearren west ...
Fan 19.30 oere ôf tsjerke iepen mei kofje; nei de tiid gelegenheid ta neipraten; yntree € 7,50