Wa is ferantwurdlik foar it ûnderhâld oan de wâlskanten fan farwegen yn Fryslân? Op dy fraach jouwe de Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân antwurd fia in digitale kaart. Sa ûntstiet dúdlikens oer hokker wâlskanten de Fryske oerheden beheare, mar ek hokker wâlskanten ûnder it behear fan partikulieren of oare ynstânsjes falle. De kaart leit fan 12 april oant en mei 23 maaie 2023 op besjen.
Digitale kaart ynsjen?De kaart leit fan 12 april oant en mei 23 maaie 2023 op besjen. De kaart is te finen fia www.fryslan.frl/oeversvaarwegen. Wolle jo graach help by it ynsjen fan ‘e kaart? Dan kinne jo delkomme op it provinsjehûs oan de Twibaksmerk 52 yn Ljouwert. Dêr kinne jo fia de hjirnei neamde kontaktgegevens in ôfspraak foar meitsje.
Reagearje?Jo kinne jo sjenswize fia de kaart digitaal yntsjinje op www.fryslan.frl/oeversvaarwegen. Jo kinne jo sjenswize ek maile nei [email protected]. Jo kinne yngean op saken en/of belangen dy’t wy oer de holle sjoen hawwe en/of hoe’t jo mooglik yn jo belang rekke wurde.
Wolle jo in taljochting of hawwe jo oare fragen, nim dan kontakt op fia tel. 058 – 292 59 25 of mail [email protected] fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.
Uit: de Nieuwsbrief van de gemeente Súdwest-Fryslân d.d. 21 april 2023